Heerenveen jout Lêskoffer fan Berneboeke-ambassadeur kado oan alle basisskoallen

Scroll naar beneden voor de Nederlandse versie van dit nieuwsbericht

Alle basisskoallen yn de gemeente Heerenveen krije de Lêskoffer fergees besoarge, mei dêryn tsien Fryske berneboeken foar alle leeftiden. Wethâlder Hedwich Rinkes hat moandei 7 maart op Het Vogelnest op It Hearrenfean de earste Lêskoffer yn ûntfangst nommen fan Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra. Oanslutend hat Lida as Berneboeke-ambassadeur in les jûn op Het Vogelnest. Dêrneist wurde yn maart op It Hearrenfean en Jobbegea ynspiraasje-workshops foar learkrêften organisearre.

Berneboeke-ambassadeur

De Berneboeke-ambassadeur set har yn om de wille rûnom Fryske boeken, lêzen en it praten fan de Fryske taal oer te bringen op bern en harren âlders. By elts boek út ’e Lêskoffer is in útwreide lesbrief beskikber, sadat learkrêften ek yn ’e klasse oan de slach gean kinne mei ûnder oare skriuw- en tekenopdrachten en wurkblêden.

Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra: “Fantastysk dat de gemeente Heerenveen it foartou nommen hat om yn ien klap alle basisskoallen de Lêskoffer mei Fryske berneboeken kado te jaan. Konkreter kinst boeken net by de bern krije. Ik sjoch dernei út om de workshops te jaan en hooplik in grut tal learkrêften te moetsjen.”

Gemeente wiis mei gearwurking

Wethâlder Hedwich Rinkes fan Kultuer neamt de gearwurking mei de Berneboeke-ambassadeur in “prachtich inisjatyf”. “As gemeente ha wy it doel om lêsûnderwiis te befoarderjen en stypje wy it brûken fan de Fryske taal. Want taal biedt kânsen en meartaligens is in natuerlik gegeven yn ús gemeente. Wy sykje hieltyd wer nei oare paden om bern te berikken en learkrêften te stypjen. It plezier oer boeken en de Fryske taal dat de Berneboeke-ambassadeur ferspriedt is hiel oansteklik. Dêrom binne wy ek wiis mei dizze gearwurking.”

Ek de Berneboeke-ambassadeur útnoegje?

Skoallen en oare ynstellings yn Fryslân kinne har yn de moannen april, maaie, juny en july noch altyd oanmelde foar in besite fan de Berneboeke-ambassadeur, de Lêskoffer bestelle en de lesbrieven fergees delhelje fan de website. Mear ynformaasje is te finen op www.berneboekeambassadeur.frl.

Heerenveen geeft Lêskoffer van Berneboeke-ambassadeur cadeau aan alle basisscholen

Alle basisscholen in de gemeente Heerenveen krijgen de Lêskoffer gratis bezorgd, met daarin tien Friese kinderboeken voor alle leeftijden. Wethouder Hedwich Rinkes heeft maandag 7 maart op Het Vogelnest in Heerenveen de eerste Lêskoffer in ontvangst genomen van Lida Dijkstra, Berneboeke-ambassadeur van Fryslân. Aansluitend heeft de Berneboeke-ambassadeur een gastles gegeven op Het Vogelnest. Daarnaast worden in maart in Heerenveen en Jubbega nog inspiratie-workshops voor leerkrachten georganiseerd.

Berneboeke-ambassadeur

De Berneboeke-ambassadeur zet zich in om het plezier van Friese boeken en voor het lezen en spreken van de Friese taal over te brengen aan kinderen en hun ouders. Bij elk boek uit de Lêskoffer is een uitgebreide lesbrief beschikbaar, zodat leerkrachten ook in de klas aan de slag kunnen met onder andere schrijf- en tekenopdrachten en werkbladen.

Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra: “Fantastisch dat de gemeente Heerenveen het voortouw heeft genomen om in één keer alle basisscholen de Lêskoffer met Friese kinderboeken cadeau te geven. Concreter kun je boeken niet bij de kinderen krijgen. Ik verheug me op het geven van de workshops en ik hoop veel leerkrachten te ontmoeten.”

Gemeente blij met samenwerking

Wethouder Hedwich Rinkes van Cultuur noemt de samenwerking met de Berneboeke-ambassadeur een “prachtig initiatief”. “Als gemeente is het ons doel om leesonderwijs te bevorderen en het gebruik van de Friese taal te steunen. Want taal biedt kansen en meertaligheid is een natuurlijk gegeven in onze gemeente. We zijn altijd op zoek naar nieuwe manieren om kinderen en hun ouders op dit gebied te bereiken en leerkrachten hierbij te ondersteunen. Het plezier van boeken en de Friese taal dat de Berneboeke-ambassadeur verspreidt is heel aanstekelijk. Daarom zijn wij erg blij met deze samenwerking.”

Ook de Berneboeke-ambassadeur uitnodigen?

Scholen en andere instellingen in Friesland kunnen zich in de maanden april, mei, juni en juli nog altijd aanmelden voor een bezoek van de Berneboeke-ambassadeur, de Lêskoffer bestellen en de lesbrieven gratis downloaden via de website. Meer informatie is te vinden op www.berneboekeambassadeur.frl.