Frysk

Op 28 maaie 2018 hat de gemeenteried fan Heerenveen de taalnota ‘Fierder mei Frysk’ en de bypassende taaloardering fêststeld. Beide binne op 18 juny 2018 yn wurking gien.

De ambysje yn dizze nota is formulearre troch ynwenners, meiwurkers en partners fan de gemeente.

Meartalige gemeente

Meartaligens is it útgongspunt fan dy ambysje. Om in goed petear mei inoar te hâlden, soargje wy derfoar dat wy inoar goed kenne en ferstean. It Frysk mei der wêze yn de gemeente Heerenveen. Yn ien op ien kontakt, yn oerlis, yn gearkomsten. De útdaging is om út te finen hoe’t je dat as gemeente dogge: mei syn allen meartalich wêze. Én it yn praktyk bringe. Taal besprekber meitsje helpt dan. Wy hawwe it der graach mei jo oer!

Taalhelpmiddels

Fryske apps, in online Frysk wurdboek, Wordle yn it Frysk en Frysk foar Microsoft Office. Op de website Taalhelp.frl fyne jo fergeze taalhelpmiddels en populêre wurdspultsjes foar elkenien dy’t flaterfrij Frysk skriuwe en leare wol.

Frysk

Benijd nei wat hjir stiet, mar prate jo de Fryske taal net? Fia de website Frysker.nl kinne jo maklik tekst út it Frysk wei nei it Nederlânsk oersette litte, en oarsom.

Geplaatst op 13 juli 2018, 13:11 | Gewijzigd op 16 juli 2024, 15:55

Nieuws